Fleanbasis lit kankerferwekkende ferve foarearst stean

06 maaie 2015 - 08:27

Meiwurkers fan de Fleanbasis Ljouwert hoege foarearst net te wurkjen mei kankerferwekkende groomferve. Dat hat minister Jeanine Hennis fan Definsje meidield oan de Twadde Keamer.

Ut ûndersyk docht bliken dat it fentilaasjesysteem op de basis de kankerferwekkende stoffen yn de ferve net langer ferwurkje kin. De spuitkabine is ferâldere en no is de konsintraasje fan de ferve 27 kear heger as tastien. Lanlik binne hûnderten âld-militêren siik wurden troch it wurkjen mei de groom-ferve.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)