Jonge Demokraten diele himpkweeksetjes út

06 maaie 2015 - 08:05

De Jonge Demokraten dielden tiisdei yn Ljouwert fergees kweeksetjes mei himpsiedjes út. Yn de Lytse Tsjerkestrjitte wie in tydlike winkel dêr't de D66-jongerein aksje fierde foar de regulearring fan de ferkeap fan himp.

Yn de winkel stiene seishûndert bakjes mei siedjes. By de kweeksetsjes siet in hanlieding, dêr't ûnder oare yn stie dat de himp net smookt wurde kin. Fan de himpplanten kin bygelyks wol klean makke wurde. De aksje wie foar ien dei.

Trefwurden: 
himp D66 Jonge Demokraten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)