Jan Terlouw: "Frijheid is opnij yn gefaar"

05 maaie 2015 - 18:53

Santich jier nei de befrijing is de frijheid opnij yn gefaar. It grutste gefaar foar de frijheid is dat der gjin grinzen mear oan sitte. Dat sei skriuwer en politikus Jan Terlouw tiisdei op de 5-maaielêzing yn Huzum.

Neffens Terlouw easket elkenien tsjintwurdich safolle frijheid foar himsels dat der gjin romte mear is foar de frijheid fan oare minsken. Oplossing soe wêze om op skoallen mear stil te stean by wat frijheid betsjut.

De 5-maaielêzing waard foar de twadde kear hâlden. Ferline jier wie Pieter Winsemius de earste sprekker en takom jier is sosjolooch Paul Schnabel oan bar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)