Balk teloarsteld nei mislearre Befrijingsdei

05 maaie 2015 - 14:50

De Oranjeferiening yn Balk is swier teloarsteld. De stoet mei âlde legerweinen mei Kanadeeske feteranen hat net de rûte naam dy't troch de provinsje op ynternet oanjûn wie. Dêrtroch ha in soad ynwenners fan Balk de auto's net sjoen.

De Oranjeferiening soe ek wite roazen útdiele oan de feteranen. Dy roazen wiene oer fan de deadebetinking fan moandeitejûn. De roazen binne no útdield oan de ynwenners fan it doarp. Ek de muzyk dy't spylje soe, kin net trochgean. Der is wat mis gong mei de fergunning.

Trefwurden: 
Balk Befrijingsdei feteranen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)