Noardewyn Live op befrijingsfestival fan start

05 maaie 2015 - 13:04

De muzyk op it Noardewyn Live muzykpoadium is tiisdeitemiddei om healwei ienen útein set. Foar de achtste kear hat Noardewyn in plak op it befrijingfestival yn Ljouwert. Mar leafst tsien ferskillende artysten en bands sille dêr optrede.

DJ Willem Wâldpyk iepenet it programma. Dêrnei komme ûnder oaren Martyn Ell, Dubbel Accoord & Country Wytske, Downbeat Maestros en De Boodschappers van het Algemene Nut foarby. As ôfsluting sille de Doelleazen der lykas ferline jier wer in feestje fan meitsje. It feest duorret oant en mei 17.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)