Moarnsbrochje foar âlderen op befrijingsdei

05 maaie 2015 - 12:29

Sa'n 400 âlderen wiene tiisdeitemoarn yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert foar in moarnsbrochje. It doel dêrfan is om mei mekoar te praten oer de oarloch en de befrijing 70 jier lyn. De gasten waarden by it iten betsjinne troch Fryske pommeranten.

It is foar it earst dat der wat organisearre wurdt foar de âldere generaasje. Der binne in soad aktiviteiten foar jongeren en folwoeksenen, mar net foar âlderen, dy't sels de oarloch meimakke ha. De organisaasje fûn dat dat oars moast. It moarnsbrochje foar âlderen sil faker hâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)