Man mei stellen laptop en navigaasjesystemen oanhâlden

05 maaie 2015 - 11:02

De plysje fertinkt in 25-jierrige ynwenner fan Feanwâlden fan stellerij en heling. De man waard moandei yn Hurdegaryp fûn op strjitte, neffens de plysje wie er swier ûnder ynfloed fan drugs. Hy lei neist in djoere fyts en yn de rêchsek dy't er by him hie sieten in laptop en trije navigaasjesystemen.

Ut ûndersyk docht bliken dat dy stellen binne yn Harns en Ljouwert. De man is troch ambulânsepersoniel behannele en fêstset troch de plysje.

Trefwurden: 
stellerij Feanwâlden heling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)