Befrijingsritten ferrinne neffens plan

05 maaie 2015 - 10:56

De fjouwer befrijingsritten troch de provinsje ferrinne oant no ta neffens plan. De alde jeeps, frachtweinen en motors binne op tiid, of mei in lytse fertraging by de earste rêstplakken oankaam. De start fan trije fan de fjouwer rûtes wie tiisdeitemoarn op de Ljouwerter fleanbasis. De fjirde rûte sette útein by de Arendstún yn Ljouwert. De earste stopplakken wiene yn Frjentsjer, Boalsert, De Jouwer en Drachten.

Alle fjouwer rûtes einigje tiisdeitemiddei yn Ljouwert. Dêr begjint om fjouwer oere it defilee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)