Jan Terlouw hâldt lêzing yn doarpstsjerke fan Huzum

05 maaie 2015 - 10:11

Skriuwer Jan Terlouw jout tiisdeitemiddei in lêzing yn de doarpstsjerke fan Huzum. Hy docht dat ûnder de titel 'De Kwetsbaarheid van Herwonnen Vrijheid'. Terlouw is de twadde sprekker dy't op 5 maaie in lêzing fersoarget yn de tsjerke fan Huzum. Ferline jier waard dy fersoarge troch âld-politikus Pieter Winsemius.

Omdat der ferline jier in soad minsken op de lêzing ôfkamen, komt der no in ferfolch. Ek Jan Terlouw is bekend as politikus. De lêzing begjint om fjouwer oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)