Kandidaten foar Grien Lintsje yn Weststellingwerf socht

04 maaie 2015 - 15:14

Politike partij GroenLinks yn Weststellingwerf siket kandidaten foar it Griene Lintsje 2015. Dat is in ûnderskieding foar minsken dy't harren ynsette om it miljeu en de natuer yn de gemeente te ferbetterjen. Bygelyks mei maatregels dy't enerzjy en wetter besparje, of troch soarchfâldich mei planten en bisten om te gean. GrienLinks wol mei it lintsje in komplimint oan sokke minsken jaan.

Elkenien kin kandidaten nominearje op groenlinks@groenlinksweststellingwerf.nl. It kinne partikulieren, maatskiplike organisaasjes en ûndernimmers wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)