Drokte by Tresoar fanwege fraach nei oarlochsmateriaal

04 maaie 2015 - 14:16

By argyfynstelling Tresoar is it yn de oanrin nei deadebetinking en befrijingsdei drokker as oars. Der komme bygelyks fragen fan learlingen dy't in wurkstik meitsje oer de Twadde Wrâldoarloch of fan neibesteanden fan famyljeleden dy't in rol spile hawwe yn de oarloch. Sa hat in pakesizzer by Tresoar brieven fûn dy't syn pake fanút in Dútsk kamp skreaun hie. Der binne scans fan makke dy't brûkt wurde yn in monumint.

Ek 70 jier nei de befrijing is der noch in soad belangstelling foar ynformaasje oer de Twadde Wrâldoarloch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)