Soad folk komt op bunker Koehoal ôf

04 maaie 2015 - 08:29

De bunker fan Koehoal hat yn it wykein fan 2 en 3 maaie mear as 400 minsken lutsen. De iepen dagen wiene dêrmei in grut sukses. De bunker oan de seedyk ûnder Tsjummearum luts noch net earder safolle minsken. En sneins doe't it suterich waar wie, stie de bunker betiden grôtfol.

It tema fan de iepenstelling wie de omkommen fleantúchbemanning. Oan de seedyk binne yn de Twadde Wrâldoarloch twa ferdronken piloaten oanspield.

Trefwurden: 
bunker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)