Koptyske paus iepenet tsjerke yn Hilaard

04 maaie 2015 - 07:39

De koptyske paus hat moandei in besite brocht oan Fryslân. In Hilaard hat er ûnder grutte belangstelling fan de Nederlânske koptyske kristenen de tsjerke offisjeel ynwijd. De Koptyske Tsjerke yn Hilaard hat sawat 100 leden en dat makket it ekstra bysûnder dat de paus dêrfoar nei Fryslân kaam is. Nei de seremoanje naam de paus noch rom de tiid om mei minsken op de foto te gean.

Paus Tawadros II is de lieder fan de Koptyske Tsjerke mei oer de hiele wrâld 15 miljoen folgers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)