Sybrandy, Osinga en Scheepstra winne keatsen yn Penjum

03 maaie 2015 - 17:26

Nynke Sybrandy, Maaike Osinga en Manon Scheepstra hawwe snein de earste haadklasse keatspartij fan it seizoen yn Penjum op harren namme skreaun. Yn de finale wie it trijetal mei 5-5 en 6-6 te sterk foar Lisette Wagenaar, Marte Altenburg en Marrit Zeinstra.

Manon Scheepstra rûn yn de finale in blessuere op oan de knibbel. Sy koe de finale lykwols wol útspylje en pakte dus de earste winst fan it seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)