Ferlies foar kuorballers fan LDODK en SCO

03 maaie 2015 - 16:07

De kuorballers fan LDODK ferlearen snein mei 20-18 fan Blau Wyt. Yn Amsterdam naam Blau Wyt fan begjin ôf oan de lieding. Nei 20 minuten spyljen stie der in 7-4 stân op it boerd. De ploech fan trainer Jan Sjoerd Pool wist de efterstân foar it skoft lykwols yn te rinnen oant 9-9.

Flaters yn de ferdigening soargen der foar dat Blau Wyt op 'e nij útrinne koe nei 16-11. Yn de slotfaze fjochte LDODK him knap werom oant 19-17. Mar fierder lieten de Amsterdammers it net komme.

In klasse leger ferlear SCO thús mei 24-28 fan AW/DTV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)