FVC ûnderút by Achilles 1894

03 maaie 2015 - 16:01

Degradant FVC ferlear snein mei 3-0 by Achilles 1894. Yn Assen kamen de Ljouwerters foar rêst op in 1-0 efterstân. Nei in oertrêding yn it Ljouwerter strafskopgebiet lei de skiedsrjochter de bal op de stip. De thúsploech fersulvere de kâns en naam sa de lieding by it skoft.

Nei in goed oere spyljen wie it op 'e nij rekke foar Achilles. FVC-ynfaller Harris Bangura hie fuort dêrnei de oanslutingstreffer op 'e skoech, mar fersomme te skoaren. Fiif minuten foar de ein tekene de thúsploech foar de tredde treffer en soarge dêrmei foar de einstân.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert FVC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)