Trio stelt drinken en fernielt guod yn Menaam

03 maaie 2015 - 14:33

De plysje hat sneontejûn twa jonges fan 22 út Froubuorren en ien fan 21 út Grins oanhâlden. De mannen hienen blikjes drinken stellen by in evenemint yn in loads yn Menaam. Se wienen yn in romte dêr't publyk net komme mocht.

It trio wurdt ek fertocht fan fernieling, se soenen mei in poeierblusser spuite ha. Yn de romte stie ûnder oaren ark. De eigener hat oanjefte dien. De fertochten binne ynsletten foar ferhoar.

Trefwurden: 
plysje Menaam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)