Taeke Triemstra by earste keatswedstriid fan de partij

03 maaie 2015 - 14:22

Taeke Triemstra keatst snein by de earste partij fan it seizoen gewoan wer mei. Ferline seizoen kaam er troch in skouderblessuere net fierder as seis wedstriden. Der waard sels tocht dat syn karriêre oer wie. Septimber ferline jier is hy opereard. It wie in flinke operaasje, dêr't er earst noch flink lêst fan hie. Nei in spuit giet it al in stik better en ek no lit hy him noch trije kear yn de wike fersoargje.

Yn Weidum keatst er mei Sint-Jabik, mar it liket der op dat syn maten Daniël Iseger en Gert-Anne van der Bos op him rekkenje kinne.

Trefwurden: 
keatsen Taeke Triemstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)