Grutte renovaasje swimbad Burgum

03 maaie 2015 - 13:53

Swimbad De Wetterstins yn Burgum wurdt foar 1,5 miljoen euro opknapt. Der komt û.o. in hiele nije tribune foar 150 minsken en it dak, klaaikeamers en de entreehal wurde oanpast. Snein wie de lêste dei dat it swimbad iepen wie foar de renovaasje.

De gemeente Tytsjerksteradiel hâldt it swimbad tagonklik foar alle groepen swimmers troch de priis sa leech mooglik te meitsjen. Der wurde mear swimwedstriden hâlden. It fernijde bad giet op 12 septimber wer iepen. Yn de tuskentiid kin gebrûk makke wurde fan it iepenloftswimbad yn Gytsjerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)