Jonge bestjoerder botst tsjin beam by Nijemardum

03 maaie 2015 - 12:35

In man fan 19 is sneontemoarn út Aldemardum ferwûne rekke doe't er mei syn auto tsjin in beam oanried. Dat wie op de Hege Bouwen yn Nijemardum. Tsjûgen hawwe earste help ferliend. Mei ferwûnings oan de skonken is er foar ûndersyk nei it sikehûs brocht. Hoe't de botsing barre koe, is net dúdlik.

Trefwurden: 
plysje botsing Nijemardum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)