Tûzenen fuotbalfans ûnderweis nei De Kuip

03 maaie 2015 - 12:05

Mei elkoar binne snein 500 bussen op wei nei de bekerfinale yn Rotterdam dêr't FC Groningen tsjin PEC Zwolle fuotballet. Yn Drachten wie ek in opstapplak. De Grinzer supporters ride fia de A7 oer de Ofslútdyk nei Rotterdam. Op guon plakken binne fiadukten fersierd.

Yn De Kuip kinne de Grinzers skiednis skriuwe troch foar it earst yn de histoarje de KNVB-beker te pakken. PEC Zwolle kin de beker foar de twadde kear op rige winne. De wedstriid begjint om 18.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)