Kanadeeske befrijers yn Ljouwert oankaam

03 maaie 2015 - 10:22

In lytse tweintich feteranen út Kanada binne sneon yn Nederlân oankaam. Se sille de deadebetinking en befrijing meifiere. In tal fan har wie santich jier lyn by de befrijing fan Ljouwert. De jongste feteraan is 89 jier, de oaren binne allegear boppe de njoggentich. Mei in histoaryske militêre eskorte binne se fan Dronryp nei Ljouwert begelaat.

De feteranen ferbliuwe yn Ljouwert mei har begelieders. Op it program stiet ek in besite oan it militêre begraafplak yn Holten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)