Harkemase Boys docht noch mei om kampioenskip

02 maaie 2015 - 16:43

Harkemase Boys docht noch mei yn de striid om it kampioenskip troch sneon mei 4-3 te winnen fan koprinner DVS '33. Yn Ermelo kamen de Boys nei 10 minuten spyljen op efterstân. Raymond Bolt sette mei de 1-1 op it boerd. Yn de 34e minút fersulvere de koprinner in penalty en kaam op 2-1.

De Harkiten kamen nei rêst goed werom, want Martijn Dijk makke fuort de 2-2. Yn de 70e minút naam de koprinner wer de lieding, mar Heine Uuldriks tekene noch gjin minút letter foar de 3-3. Hy skoarde letter ek wer.

Troch de winst komt Harkemase Boys no op 52 punten, likefolle as DVS '33. Nije wike stiet de beslissende wedstriid op it programma. Dan nimme de Boys it thús op tsjin Flevo Boys.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)