Soad animo foar Dei fan de Garnaal yn Lauwerseach

02 maaie 2015 - 14:44

Bedriuwen op Lauwerseach stekke jild yn nije lokaasjes yn de haven. Dat die sneon bliken op de Dei fan de Garnaal. Op dizze dei kinne besikers yn de kunde komme mei de haven en de fiskerij. De organisaasje ferwachtet 30.000 besikers.

Earder waard bekend dat der trije miljoen euro Europeeske subsydzje komt foar ynvestearringen yn de haven fan Lauwerseach. Der binne plannen foar mear oanlisplakken en it opknappen fan de jachthaven foar plezierboaten. Der komt in driuwend platfoarm foar rekreaasjefiskers en de kade wurdt 200 meter langer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)