Snitsers rinne út foar twa huldigingen

02 maaie 2015 - 13:54

De Snitser fuotballers, dy't ferline wike snein kampioen waarden yn de haadklasse C, binne sneon huldige yn har stêd. Nei in rûnrit troch it sintrum, waarden se op it bordes fan it stedhûs tasprutsen troch de foarsitter fan de club en troch boargemaster Hayo Apotheker.

Dêrnei wie in besletten moeting mei it gemeentebestjoer. Nei de fuotballers folget om 15.30 oere de huldiging fan de follybalsters fan Snits, dy't ferline wike lânskampioen waarden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)