Derek Buitenzorg twad yn koers op Wolvegea

02 maaie 2015 - 13:18

It draafhynder fan Omrop Fryslân, Derek Buitenzorg, is sneon twadde wurden yn syn koers op Wolvegea. Derek begûn achter yn it middenfjild, mar kaam mei pikeur en trainer Arend de Wrede goed op nei foaren. Hy einige nei de grutte favoryt Ever Seen Boko. Derek hat mei de twadde priis 1.100 euro fertsjinne.

Buitenzorg hat de lêste koersen minder prestearre troch in blessuere, mar is, sa't liket it, wer hielendal yn foarm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)