VC Snits wol op jongesfollybal ynsette

02 maaie 2015 - 12:50

Follybalklup Snits sil de kommende jierren besykje ek it jongesfollybal op in heger plan te krijen. Dat seit foarsitter Jabik Broersma oangeande it belied foar de takomst. Ferline wike waard it earste frouljusteam lânskampioen.

It hat 23 jier duorre foar't dy titel werom yn Snits wie, nei de suksessen yn de jierren 80 en 90 fan doe noch Olympus. Yn dy jierren spile by de manlju Animo op nasjonaal nivo. Yn 1997 fusearren Olympus en Animo ta VC Sneek en in pear jier letter sette de klup fol yn op it oplieden fan de eigen jeugd.

Yn Buro de Vries is snein 3 maaie tusken 12 en 1 oere in lange reportaazje oer de jeugdoplieding by VC Snits te hearren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)