Bouboeren ha lêst fan krisis yn patatierappels

02 maaie 2015 - 11:39

De bouboeren yn Fryslân ha ek lêst fan de krisis yn de patatierappels. De oanfier is heech en dêrom binne de prizen leech. Bouboeren dy't oan patatfabriken leverje, moatte der jild op talizze. Dat wie ferline jier ek al sa.

Fryske bouboeren ferbouwe benammen poaters, mar dy wurde ek oan patatierappelboeren levere en dy nimme no minder ôf. Dêrom giet de priis fan de poaters ek nei ûnderen. In oplossing soe wêze kinne om minder te ferbouwen, mar dat kin net samar. Boeren meie gjin ôfspraken meitsje fan Brussel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)