Biskop De Korte kin teolooch fan it lân wurde

02 maaie 2015 - 10:49

Biskop Gerard de Korte kin de earste 'Theoloog des Vaderlands' wurde. De biskop fan it bisdom Grins-Ljouwert is ien fan de trije kandidaten. Doel is dat de teolooch fan it lân in jier lang ambassadeur fan de teology wurdt en belangrike foarfallen in teologyske tsjutting jout.

Neist De Korte meitsje ek televyzjepresintator Jacobine Geel en Tom Mikkers fan De Remonstrantse Broederschap kâns op de titel. Stimme kin op de webside fan de Nacht fan de teology, dat kin oant 19 juny. In dei letter wurdt bekendmakke wa't de winner is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)