Hierkontrakten opsein fan fêste campinggasten op Hollum

02 maaie 2015 - 10:39

Sa'n 125 fêste campinggasten fan caravanpark Ambousen yn Hollum op It Amelân sille op termyn sykje moatte nei in oar plak. Nei camping Boomhiemke hat ek de eigener fan dit park besletten de camping oars yn te rjochtsjen, mei mobile ferbliuwsakkommodaasjes.

De eigeners fan 125 sjalets ha freed in brief krigen dêr't yn oankundige wurdt dat de hierkontrakten op termyn opsein wurde. Wannear dat is, is noch net dúdlik. Foar in soad fêste gasten is it finen fan in ferfangend plak in grut probleem omdat oare campings al fol sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)