Ynwenner Eastermar stelt hûs beskikber as ferhalekeamer

01 maaie 2015 - 23:35

Yn Eastermar is freedtejûn op inisjatyf fan de stichting Hûndert Jier Dam Jaarsma in bysûndere ferhalekeamer iepene. De keamer is te finen yn it hûs fan Pauline van Apeldoorn oan de Snakkerbuorren.

Sy fûn it in prachtige keamer en woe dêr graach wat mei dwaan. De keamer is ynrjochte mei moderne apparatuer en de besikers kinne hjir harkje nei ynsprutsen ferhalen fan Frysk ferhalesamler Dam Jaarsma, films sjen, of gewoan in boek lêze.

Mei de keamer midden yn Eastermar wol Van Apeldoorn in stikje bining skeppe yn it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)