Koälysjepartijen klear mei lêste ûnderhannelingsakkoart

01 maaie 2015 - 23:17

It CDA, VVD, SP en FNP hawwe freed de lêste ûnderhannelings hân oer it koälysje-akkoart. Takom wike wurdt it akkoart fierder op papier útwurke. Formateur Geart Benedictus sil dan ek mei de partijen en de fiif beëage deputearren prate oer de portefúljeferdieling. As alle fraksjes it akkoart goedkard hawwe, dan wurdt it op 15 maaie presintearre. Op 20 maaie sil it dan yn de Provinsjale Steaten bepraat wurde en wurde de deputearren keazen.

Trefwurden: 
akkoart koälysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)