Hynsteriders komme sneon yn aksje op 'Derby fan Frjentsjer'

01 maaie 2015 - 23:14

By de hynstedagen yn Frjentsjer wurdt sneon de 'Derby fan Frjentsjer' hâlden. Dat is in springwedstryd mei natuerlike hindernissen oer in lingte fan gemiddeld 1200 meter. Dat is likernôch twa kear sa lang as in normaal springparkoers.

De wedstryd wurdt riden troch ruters út de heechste klasse. Hynsteriders moatte mei har hynder oer hindernissen springe lykas beamstammen, wetterbakken of sels piano's.

Neffens Tineke Hoekstra fan Jumping Franeker sit de hynstesport yn Fryslân mei dit evenemint wer flink yn de lift. De wedstryd duorret noch oant en mei snein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)