Frou út Súdwest-Fryslân foar 30.000 euro oplichte

01 maaie 2015 - 21:44

In 69-jierrige frou út de gemeente Súdwest-Fryslân is foar 30.000 euro slachtoffer wurden fan phishing. Oplichters efterhellen fia ynternet de pinkoade fan har bankpas. Se dienen dat fia in e-mail dêr't yn stie dat de frou har Random Reader net mear brûke koe.

Foar ynternetbankieren soe se no in Rabo Scanner oanfreegje moatte. Dêrfoar moast se har pinkoade jaan en har bankpas nei in adres yn Amsterdam stjoere. In pear dagen letter luts de bank oan de bel, om't der yn koarte tiid 30.000 euro fan har sparrekken ferdwûn wie.

De plysje achtet de kâns lyts dat de frou har jild werom krijt.

Trefwurden: 
phishing oplichters pinkoade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)