Koart pleit oer keatswant tsjinnet op 11 maaie

01 maaie 2015 - 15:27

It koart pleit dat topkeatser Cornelis Terpstra oanspand hat tsjin keatsbûn KNKB tsjinnet op 11 maaie. Terpstra wol fia de rjochter ôftwinge dat keatsers sels útmeitsje meie wêr't sy harren want meitsje litte wolle. No binne der trije produsinten. Neffens Terpstra is der sprake fan in monopoalje.

It keatsbûn fynt it koart pleit spitich. It bûn hat oardel jier lien besletten de merk 1 jannewaris takom jier frij te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)