Fytsedief laadt fytsen op in karre by treinstasjon

01 maaie 2015 - 14:31

De plysje hat freedtemoarn by it treinstasjon yn Hurdegaryp in Ljouwerter fytsedief oanhâlden. In tsjûge warskôge de plysje. Doe't dy by it stasjon oankaam, seagen se de 38-jierrige fertochte, dy't al sân fytsen op in oanhingwein set hie. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)