Kanadeesk legerkamp yn Ljouwert lykas 70 jier ferlyn

01 maaie 2015 - 13:46

Yn Ljouwert wurdt in legerkampemint opboud, krekt lykas der 70 jier lyn stien hat mei de befrijing. Doe't de Canadian Dragoons Ljouwert befrijen, setten se yn hast alle stedsparken harren tinten del. No tsjinnet de Arendstún as sintrum foar de militêre aktiviteiten foar 5 maaie.

De Arendstún hjit de kommende dagen Victorypark. Dêr komme sa'n 60 gasten, 28 auto's, 16 motors en in frachtwein mei tank. Alles is optúgd lykas yn 1945. By de fleanbasis wurdt noch in kampemint boud fan 8000 kante meter, dêr't oernachte wurde kin.

Op befrijiingsdei ride 160 oarlochsweinen fjouwer befrijingsrûtes troch de provinsje. De organisaasje hat 20 Kanadeeske feteranen dy't Ljouwert en Fryslân befrijd hawwe, útnoege. Mei harren sille se troch de stêd deselde rûte ride as mei de befrijing yn 1945. Op it Saailân sille se troch in earehage fan belangstellenden rinne.

Op 4 maaie om 19.00 oere stjoert Omrop Fryslân de deadebetinking op it Wilhelminaplein yn Ljouwert live út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)