Petysje: "Lytser azc Balk op oare lokaasje"

01 maaie 2015 - 12:26

It asylsikerssintrum by Balk moat op in oar plak komme en it tal asylsikers moat net fiifhûndert, mar op syn heechst trijehûndert wêze. Dat stiet yn in petysje dy't troch 150 ynwenners ûndertekene is.

De inisjatyfnimmers wolle dat it asylsikerssintrum net oan de Wikelerdyk, mar oan de Houtdyk komt. It terrein soe oan de gemeente De Fryske Marren te keap oanbean wêze. It tal hantekenings jout oan dat foar it útstel mear draachflak is as foar it útstel fan de gemeente, fine de inisjatyfnimmers.

Trefwurden: 
AZC Balk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)