Gjin trein Ljouwert-Hurdegaryp

01 mrt 2012 - 13:54

Der ride tongersdei gjin treinen tusken Ljouwert en Hurdegaryp. De treinen kinne net oer de Greunsbrêge, want dy is stikken. Der is in defekt oan de hefsilinder fan de brêge. Dêrtroch kin de brêge net mear ticht. Hoelang't de steuring krekt duorje sil, is noch net bekend. Der ride dêrom bussen fan it stasjon Ljouwert Cammingabuorren nei it stasjon fan Hurdegaryp.

Yn Hurdegaryp kinne reizgers dan mei de stoptrein wer fierder rjochting Grins. Reizgers moatte rekken hâlde mei in healoere ekstra reistiid.

Trefwurden: 
trein Hurdegaryp Greunsbrêge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)