Moalfabryk Koopmans hellet heal miljoen euro mear winst

01 maaie 2015 - 11:01

Koopmans Moalfabryk yn Ljouwert hat ferline jier in winst fan 1,2 miljoen euro helle, en dat is in taname fan sawat in heal miljoen neffens it jier dêrfoar. Dat stiet yn it jierferslach dat freed ferskynd is.

De groei is neffens it bedriuw opmerklik omdat de merk dêr't Koopmans yn operearret, swier ûnder druk stiet. Dat komt ûnder oare troch oerkapasiteit en lytse marzjes.

Trefwurden: 
winst Koopmans moalfabryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)