Gemeenteried Dongeradiel grypt yn by Roobol

01 maaie 2015 - 08:42

De gemeenteried fan Dongeradiel wol yngripe by ûnderwiiskoepel Roobol. Dat is de útkomst fan in spoeddebat dat de ried tongersdeitejûn oer de kwestje hie. Neffens de ried is sprake fan wanbelied by de koepel. Bestjoersfoarsitter Trees Galama stapte fan 'e wike op. Dat die se nei oanlieding fan in ûndersyksrapport nei it funksjonearjen fan it bestjoer fan Roobol.

De ried fan bestjoer wol it rapport net frijjaan. De gemeenteried hat wethâlder Pytsje de Graaf opdracht jûn om it dochs boppe wetter te krijen.

Earder ûntstie opskuor ûnder âlden nei't in direkteur fan de Burgerskoalle yn Dokkum troch Galama fuortstjoert waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)