Roozemond nije foarsitter ried fan kommissarissen Thialf

30 apr 2015 - 17:00

De ried fan kommissarissen fan Thialf is wer folslein nei it opstappen fan Joop Atsma, Anne Hettinga en Geert Kuiper yn oktober ferline jier. De trije wiene benaud dat de ferbouwing fan Thialf finansjeel sjoen in grut probleem wurde soe. Yntusken is dy ferbouwing begûn. De nije foarsitter wurdt Cees Roozemond. Hy wie ûnder oare bestjoerslid by it Frysk Hynstestamboek.

Fierder komt âld-hurdrider Jos Valentijn yn de ried fan de kommissarissen. Hy is fysioterapeut op it Hearrenfean. Ek is hy aktyf by NOC*NSF.

De manlju slute oan by Piet Nammensma, dy't as iennichste sitten bleau, doe't Atsma, Hettinga en Kuiper opstapten. De provinsje en de gemeente stypje de kandidatuer fan Roozemond en Valentijn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)