Syljacht fêst ûnder brêge fan Kiestersyl by Frjentsjer

30 apr 2015 - 14:54

In syljacht kaam tongersdeitemiddei fêst te sitten ûnder de brêge fan Kiestersyl by Frjentsjer. De boat lei nei alle gedachten te ticht by it draaiende part fan de brêge, doe't dy iepen gie. De mêst fan de boat waard rekke. De boat waard op de mearpeallen drukt en kaam dêr skeef fêst te sitten. De opfarrenden waarden mei in oar boatsje fan board helle. Sy rekken net ferwûne.

Brânwacht en plysje binne oanwêzich op it plak fan it ûngelok. Meiwurkers fan de provinsje besjogge hoe't se it syljacht wer los lûke kinne.

De brêge is oant dy tiid ôfsletten foar autoferkear en skipfeart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)