Noch gjin dúdlikheid oer Houkepoortprojekt yn Snits

30 apr 2015 - 14:33

Der is noch altyd gjin dúdlikheid oer de takomst fan it Houkepoortprojekt yn Snits. Neffens projektûntwikkeler VolkerWessels binne se der noch net út mei de gemeente Súdwest-Fryslân oer hoe't it projekt der út komt te sjen. De diskusje giet ûnder oare oer it tal huzen dat der komt yn de earste faze en hoe grut dy huzen wurde.

VolkerWessels hat ferline jier yn de simmer in enkête hâlden om de belangstelling foar it projekt te peilen. Mear as 700 minsken reagearren doe.

Yn de enkête koene minsken ek oanjaan watfoar hûs se krekt hawwe wolle. De resultaten fan dit ûndersyk soene eins ein ferline jier presintearre wurde, mar oant no ta is dat noch net bard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)