Skeel oer jierrekken gemeente Dantumadiel

30 apr 2015 - 12:16

Dantumadiel hat in skeel mei de akkountant oer de jierrekken fan de gemeente. De akkountant wegeret om syn goedkeuring te jaan omdat der te min jild reservearre is foar de pensjoenen fan de wethâlders. De gemeente seit dat it om in ferskil fan ynterpretaasje fan de regels giet. Gemeenten binne ferplichte om jild te reservearjen foar it gefal in wethâlder fuortgiet en it pensjoenjild ûnderbringe wol by in pensjoenfûns.

Dantumadiel hat dêr in potsje fan 5 ton foar stean. Dat wie altiten genôch, mar soe dat no net mear wêze.

Dat soe komme omdat akkountants dit jier stranger kontrolearje. Yn it slimste gefal soe Dantumadiel 1,9 miljoen euro nedich hawwe. It kolleezje fan b. en w. fynt dat net fan dizze tiid, omdat der op in soad plakken besunige wurde moat. De gemeenteried moat no beslute oft se de jierrekken sûnder akkountantsferklearring dochs goedkarre wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)