Ljouwerters ûnderút mei opfierde scooter

30 apr 2015 - 11:46

Twa Ljouwerters binne woansdei op de Himpinserwei ûnderút gien mei de scooter. In frou (18) út Ljouwert siet achterop de scooter en rekke ferwûne. Sy is nei it MCL yn Ljouwert brocht. De bestjoerder, in Ljouwerter (19), hie gjin rydbewiis. Hy hie dêrfoar al twa kear earder in boete krigen. Omdat de scooter opfierd wie, is dy yn beslach naam.

Yn Boalsert rekke in bromfytser (18) ferwûne nei in botsing mei in auto op de Snitserstrjitte yn syn wenplak. De automobiliste (52) seach de bromfytser oer de holle doe't se linksôf sloech.

It slachtoffer rekke ferwûne oan de holle en de skonk.

Trefwurden: 
ûngelok scooter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)