Brûnzen byld Tetman de Vries kriget nij plakje

30 apr 2015 - 11:25

It byld stie sûnt 2006 stoffich te wurden yn it depot fan Tresoar, mar woansdeitejûn kaam dêr in ein oan. It brûnzen byld fan kabaretier Tetman de Vries kriget in tydlik plakje yn sealesintrum Grut Terhorne yn Bitgummole, dêr't de man 100 jier lyn berne is.

Oanlieding foar de ferhuzing is it toanielstik "Doe kaam de maaitiid", dat ta eare fan de Bitgummoolster kabaretier yn it sealesintrum plakfynt. Wat der dêrnei mei it byld barre moat, is noch net dúdlik.

Stedsskouboarch De Harmonie, dêr't it byld oant 2006 stie, soe it net werom wolle. Tresoar jout oan it byld oars wol in plakje te jaan yn har gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)