Fakbûnen stelle Wagenborg ultimatum om leaneask

30 apr 2015 - 09:44

Fakbûnen FNV en CNV hawwe feartsjinst Wagenborg in ultimatum steld: foar 11 maaie 12 oere moat it bedriuw mei in reaksje komme op de leaneask fan de fakbûnen. Dy wolle dat de leanen fan de 80 meiwurkers mei tûzen euro bruto yn 't jier omheech gean. FNV en CNV binne dêrneist min te sprekken oer it feit dat de feartsjinst bot besunigje wol op de arbeidsbetingsten fan de meiwurkers. Sa binne de taslaggen foar de drokke wykeintsjinsten al skrast.

It personiel is boppedat ûntefreden oer de wurkdruk: dy wurdt hieltyd heger.

Oant no ta hawwe petearen tusken fakbûnen en Wagenborg noch neat opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)