Bestjoer Flechtmuseum Noardwâlde 'ferbjustere' troch krityk

29 apr 2015 - 17:34

It Nasjonaal Flechtmuseum yn Noardwâlde is ferbjustere oer de krityk fan de gemeente Weststellingwerf. De gemeente wol dat it Flechtmuseum in nij bestjoer krijt, omdat it museum tefolle nei binnen rjochte is en net meiwurkje wol oan de plannen fan de gemeente. Wethâlder Frans Kloosterman fynt dat it museum mear gearwurkje moat mei de biblioteek en de wrâldwinkel dy't yn itselde gebou sitte.

Bestjoerslid Mannus Schutten werkent him net yn de krityk fan de gemeente Weststellingwerf.

As it Flechtmuseum net meiwurket oan de plannen fan de gemeente, is de kâns oanwêzich dat de subsydzje stopset wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)