Brânwacht rêdt hynder út sleat by Dronryp

29 apr 2015 - 16:12

De brânwacht hat woansdei by Dronryp mei de nedige muoite in hynder út in dreksleat rêden. De 27-jierrige hynst Paike wie djip yn de drek fuortsakke en koe der net mear op eigen krêft útkomme.

Doe't de brânwacht by de sleat kaam hie it bist sels help fan de brânwacht nedich om de wurge holle boppe wetter te hâlden. Lang om let slagge it de brânwacht nei in oere om it hynder út de sleat te lûken. It hynder krige in waarme tekken om en waard yn de pleats ôfspield. It hynder moat in skoft binnendoar bliuwe om wer op te waarmjen,

Trefwurden: 
Dronryp sleat hynder
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)